Empire Award

Epire Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
útrikt foar films en tillefyzje
útrikt troch Empire (tydskrift)
frekwinsje 1x jiers
datum mids maart
plak Londen (Ingelân)
ynsteld 1996
1e útrikking 1996
opheft 2018
offisjele webside
www.empireonline.com

De Empire Awards wiene in groep Britske prizen op it mêd fan film en tillefyzje, dy't elts jier yn maart útrikt waarden oan 'e as bêste beoardiele Britske en bûtenlânske filmyske wurken fan it foargeande jier. De winners krigen in trofee besteande út in byldsje. De Empire Awards waarden foar it earst útrikt yn 1996. De útornearring fan 'e winners en de organisaasje fan 'e útrikkingsseremoanje wiene yn 'e hannen fan it tydskrift Empire. Fan 2009 oant en mei 2017 waarden de Empire Awards sponsore troch it drankmerk Jameson Irish Whiskey, en yn dy snuorje stiene se dêrom offisjeel bekend as de Jameson Empire Awards. Yn 2018 wie Rakuten TV de nije sponsor, mar nei de útrikking fan dat jier waarden de prizen om net taljochte redens opdoekt.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search